Libben fan slachtoffers fan gangsterduo yn ien klap feroare

04 mrt 2015 - 12:57

Op de tredde sittingsdei fan de rjochtsaak tsjin Antonio van der P. fan De Harkema en syn freondinne Enise B. ha woansdei de slachtoffers oan it wurd west.

De 15 slachtoffers binne bot oanslein troch wat har oandien is troch it gangsterduo. Se binne noch altyd bang, doare bygelyks net allinne mear te wêzen. Yn ien klap is har libben stikken makke. Se fiele har net mear feilich. De slachtoffers easkje tsientûzenen euro's skeafergoeding foar it trauma dat se oprûn ha. Ien slachtoffer sei: 'ik zit in een tunnel en zie het licht niet'.

De persoanlike omstannichheden fan de fertochten komme letter op de middei oan de oarder.

It duo wurdt fertocht fan in rôftocht yn it noarden en it easten fan Nederlân, mei ôfparsing, bedriging, stellerij mei geweld, besykjen ta deaslach en moard. Se waarden nei in klopjacht oppakt yn Dútslân. Yn de media waard it duo al gau de Nederlânske Bonnie en Clyde neamd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)