Libben dakleaze wer op regel

03 feb 2010 - 15:51
  • Jan Ottens yn syn hûs

Oare wike sil Jan Ottens oan it wurk by Empatec yn de grienfoarsjenning yn syn wenplak Snits. Foar it earst yn mear as 13 jier giet er oan it wurk. Doe't syn mem ferstoar gie it net goed mei him en bedarre er op strjitte.

Yn al dy jierren hat Ottens in soad ellinde meimakke. Hy woe sa net fierder en dat wie it momint dat er help socht. Fia syn suske kaam er yn Fryslân yn de opfang. Yn trije jier tiid hat er syn libben wer op de rails mei in hûs en wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)