Lia Dekker tredde op 50 meter

08 jun 2008 - 15:39

Op de lêste dei fan it Nederlânsk kampioenskip swimmen yn Eindhoven is Lia Dekker fan Drachten snein tredde wurden op de 50 meter skoalslach. Dekker hat it fantastysk dien de ôfrûne dagen.

Se waard Nederlânsk kampioen op de 100 en 200 meter skoalslach en se swom in EK-limyt. Ek Arjen van der Meulen hat it prima dien yn Eindhoven. Hy waard op de 1500 meter frije slach tredde yn in tiid fan 16.01,45.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)