Lia Dekker ferbetteret rekôr

11 apr 2009 - 12:33
  • Inge en Lia Dekker

Lia Dekker fan Drachten hat freed by de iepen Deenske swimkampioenskippen it Nederlânsk rekôr op de hûndert meter skoalslach ferbettere. Se kaam yn it 50 meter bad fan Esbjerg yn de heale finale oan yn in tiid fan 1.08,54.

Dekker wie hjirmei fjouwertsiende rapper as ein foarige moanne yn Drachten. De limyt foar de yndividuele dielname oan de wrâldkampioenskippen yn Rome stiet op 1.08,37.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)