Lia Dekker ferbetteret rekôr

29 mrt 2009 - 16:53
  • Inge en Lia Dekker

Lia Dekker fan Drachten hat sneontejûn har eigen rekôr op de hûndert meter skoalslach ferbettere. Yn swimbad de Welle yn Drachten kaam se oan yn in toptiid fan 1.08,92. De limyt foar dielname oan it wrâldkampioenskip yn Rome komt no wol tichtby.

Ilse Kraaijeveld fan Dokkum pakte it sulver op de 100 meter rêchslach. Wendan Poelstra fan Orca Ljouwert pakte it goud op de 200 meter wikselslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)