Lêzend achter it stjoer: bon

21 mrt 2013 - 19:58

De plysje hat tongersdeitemoarn op It Hearrenfean op twa plakken in kontrôle hâlden. Der waarden 25 snor- en bromfytsen en tsien auto's kontrolearre. Tsien brommerriders krigen in bekeuring foar it net toane kinnen fan in kentekenbewiis, te hurd riden of glêde bannen.

Der waard ek in automobilist bekeurd fanwege gefaarlik rydgedrach. De bestjoerder siet nammentlik te lêzen achter it stjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)