Leven yn binnenstêd Ljouwert

16 feb 2010 - 21:09

Yn de binnenstêd fan Ljouwert mei twa dagen yn it jier muzyk makke wurde, sûnder dat der allegear yngewikkelde regels jilde foar it oantal desibel en de tiid fan spyljen. Dat hawwe boargemaster en wethâlders besletten.

De twa dagen binne foaral handich foar kafees dêr't gjin akoestysk rapport fan opmakke is. De twa dagen wurde mooglik brûkt by de popronde. No is it noch dreech foar de kafees om wat te organisearjen, omdat der bûten net tefolle leven wêze mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)