Letters te lyts: 30 klachten

13 jan 2005 - 15:25

By de gemeente Boarnsterhim binne oant no ta 30 klachten binnen kommen oer de nije foarmjouwing fan it gemeentelike ynformaasjekrantsje 'Op'e Hichte'. Dat wurdt no yn in folle lytser lettertype útprint om't der op besunige wurde moat. Op 'e Hichte bestiet no noch mar út ien bledsje, mar der moat wol like folle ynformaasje ynstean.

In soad minsken kinne de lytse letters net lêze. Amtners sammelje de klachten en biede dy letter oan oan de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)