Letten yn Tytsjerksteradiel

12 sep 2000 - 18:22

Tytsjerksteradiel hat besite út 'e sustergemeente Preili yn Letlân. De delegaasje bringt tiisdei ûnder oare in besite oan it tsiisfabryk yn Burgum en in buorkerij yn Eastermar.

Beide gemeente hawwe ôfpraat tenei mear gearwurkje te sillen. Doel is inoar te stypjen wat regionaal bestjoer en plattelânûntjouwings oanbelanget. Ek sille bedriuwen kontakt mei-inoar sykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)