Lette goal: winst ONS Snits

03 sep 2011 - 17:10

Haadklasser ONS Snits hat sneon troch in lette goal trije punten oerhâlden oan it duel tsjin Urk. Yn de earste helte gie de striid lykop en waard net skoard. Promovendus Urk sette yn de twadde helte oan, mar ONS Snits koe troch in pear rêdings fan keeper Geert Ale de Vries stân hâlde.

De besikers fan it Sudersportpark koene dochs de hannen opinoar krije. Yn de 87e minút kopte Chris de Wagt súksesfol de bal yn de touwen, nei in foarset fan Martijn Roosenburg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)