Lette goal bringt Cambuur punt

19 aug 2011 - 22:35
  • Sandor van der Heide makke 1-1

Sportklup Cambuur hat mei tank oan in goal yn blessueretiid in punt meinaam út Den Bosch. In kopbal fan Sandor van der Heide soarge foar de 1-1 einstân. Paco van Moorsel hie Den Bosch yn de 55e minút op in 1-0 foarsprong set.

Yn de earste helte barde net in protte. Beide ploegen wiene oanfallend ûnmachtich. Nei it skoft rekke Tom van Weert de peal, mar in pear minuten letter skoarde Van Moorsel wol. Den Bosch krige kânsen op mear mar Cambuur hold stân en mocht de hannen tichtknipe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)