Letske ûndersikers oan it wurk by ynstitút Wetsus

25 jun 2015 - 17:03
  • It nije gebou fan Wetsus

Wettertechnology-ynstitút Wetsus yn Ljouwert hat in oerienkomst tekene mei de technyske universiteit fan Riga, de haadstêd fan Letlân. De oerienkomst hâldt yn dat Letske ûndersikers oan it wurk sille by Wetsus mei Europeesk jild.

Op dy wize kin Wetsus de wittenskippers út it East-Europeeske lân helpe, mei as doel in bettere ferbining te meitsjen tusken wittenskippers en bedriuwen. Wetsus hopet úteinlik tsien regio's út Sintraal- en East-Europa oan him te binen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)