Lets Ljouwert net bliid mei Florijn syn skelling

26 nov 2015 - 18:07
  • Marco Florijn is de inisjatyfnimmer fan 'de skelling'

De 70 leden fan Lets Ljouwert fiele har bot passeard troch in inisjatyf fan âld-wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert. Yn it ramt fan KH2018 yntrodusearret dy nije wike de skelling as alternatyf betelmiddel foar frijwilligerswurk. Minsken dy't putsjes dogge foar oaren, krije dêrfoar yn skellings útbetelle. Dy kinne dan brûkt wurde as ruilmiddel om oare putsjes útfiere te litten.

Neffens Lets Ljouwert meitsje har leden al mear as 20 jier gebrûk fan sa'n alternatyf betellingssysteem, mei de namme De Tuin.

Florijn wol ek winkels by syn inisjatyf belûke, sadat yn 2018 ek dêr mei skellings 'betelle' wurde kin. Ek dat is neffens Lets Leeuwarden lykwols net nij. Dy hawwe yn it ferline sels in juridyske proseduere fiere moatten om by ditsoarte transaksjes gjin BTW ôf te dragen. De gemeente Ljouwert stipet it inisjatyf fan Florijn foarearst mei 40.000 euro. Lets wol no ek finansjele stipe om sels mear bekendheid te krijen. Se binne benaud dat se oars fan tafel fage wurde troch se skelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)