Lestige stappers oppakt

25 nov 2011 - 10:21

    Yn Ljouwert binne tongersdeitenacht twa manlju út Ljouwert en Amersfoort oanhâlden foar lestich gedrach yn of by hoarakagelegenheden. Earst waard in man fan 50 út Ljouwert oppakt, omdat er yn in restaurant kaam dêr't er net komme mocht. Hy hie dêr earder foar oerlêst soarge.

    Eefkes letter waard in man út Amersfoort oanhâlden. Hy wie by in útgeansgelegenheid oan de Nijstêd oan it skellen en woe net fuortgean doe't him dat frege waard. Hy bedrige ek noch in plysjeman. De man is meinaam nei it buro.

    Trefwurden: 
    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)