Lestige manlju op strân Potten

29 sep 2011 - 10:16

Op it strantsje fan de Snitser Potten binne woansdeitemiddei trije manlju oanhâlden omdat se oare badgasten lestich foelen. Se hiene tefolle drank op en misledigen en bedrigen minsken dy't op it strân leine.

Doe't de plysje derby kaam, wiene der fuort minsken dy't oanjefte dwaan woene oer it gedrach fan de dronken manlju. Se binne fêstset op it buro. It giet om in 22-jierrige man út Balk, in 20-jierrige man út Eastersee en in 27-jierrige Snitser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)