Lestige man twa kear oppakt

26 jun 2007 - 11:06

Yn Ljouwert is in man moandei twa kear oanhâlden foar mislediging en bedriging. Earst woe de 41-jierrige op de Eastersingel net oan 'e kant gean foar ambulânsepersoniel. Dy holpen in slachtoffer. De plysje naam de man fêst. Letter waard er wer frijlitten.

Om middernacht hinne waard de man foar de twadde kear oanhâlden. Hy woe net betelje yn in snackbar oan de Drachtsterwei, smiet mei in blompot en bedrige de eigner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)