Lestige Ljouwerter oppakt

25 sep 2014 - 10:02

De plysje hat in 46-jierrige Ljouwerter oppakt foar iepenbiere dronkenskip. Hy hearde by in groepke dronken manlju dat ferfelend wie by in supermerk oan it Hoeksterpaad.

Doe't de plysje kaam, naaiden de manlju út. Allinnich de 46-jierrige Ljouwerter bleau stean. Hy woe net fuortgean en waard hieltyd lestiger. De man moast mei nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat er nei alle gedachten ferantwurdlik is foar stellerij, ferline wike by in winkel oan de Oostersingel. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)