Lêstige Lemster frou oanhâlden

09 maaie 2009 - 13:39

Op 'e Lemmer is freedtejûn in 57-jierrige frou út dat plak oanhâlden. Se siet as passazjier yn in auto, dêr't de bestjoerder fan blaze moast. De frou wie it dêr net mei iens en bemuoide har mei de gong fan saken. Se woe dêr net mei ophâlde, ek net neidat de plysjes har dat in pear kear frege hiene.

De plysje sei dat se fuortgean moast, mar dat die se net. Se is doe oanhâlden en meinaam nei it buro. Dêr krige de frou in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)