Lestige jonges pakt yn Dokkum

17 jan 2008 - 11:41

Yn Dokkum binne woansdei twa jonges oanhâlden. Se wiene dêrfoar oant trije kear ta útnaaid foar de plysje. Nei de tredde achterfolging waarden se arrestearre. De jonges naaiden nei eigen sizzen út omdat se sjen woene oft de plysje harren ek achterneikaam.

De jonges krigen elk in prosesferbaal: de iene om't er fjoerwurk en in boksbeugel by him hie, de oare om't er gjin ID-kaart sjen litte koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)