Lestige jongerein yn Wâlterswâld

30 jan 2006 - 09:59

In groep fan fyftich jongerein hat yn de nacht fan sneon op snein foar in soad oerlêst soarge yn Wâlterswâld. De groep stie op de Foarwei yn it doarp en makke in soad leven. Doe't de plysje dêrby kaam en yngripe woe, begûn in Driesumer (21) te protestearjen.

De plysje frege de man om troch te rinnen. Doe't er dat net die, waard de Driesumer oanhâlden. Tsjin de jongeman is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)