Lestige Dútske frou oppakt

25 apr 2011 - 14:46

De plysje op De Lemmer hat de ôfrûne nacht de hannen fol hân oan in 50-jierrige Dútske frou. Se hie yn it sintrum fan De Lemmer rûzje krige. Doe't de plysje har frege om identiteitspapieren, koe se dy net sjen litte. Se krige twa bekeurings.

Om't de frou drank op hie, warskôgen de plysjes har dat se net mei de auto ride mocht. Dat die se wol. Op in stopteken reagearre se net. De plysje ried de frou op de Hopwei klem en naam har dêrnei mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)