Lestige dronken man oppakt

06 jun 2010 - 13:06

In 62-jierrige man út Dokkum wie sneontenacht sa dronken, dat er de plysje lestich foel en agressyf waard. De man besocht yn de Hoogstraat yn syn wenplak in surveillearjende plysje-auto tsjin te hâlden troch der midden op strjitte foar stean te gean. Dêrnei joech er in pear klappen tsjin de auto en gong er op de dyk lizzen.

De Dokkumer waard oanholden. Hy fersette him heftich tsjin syn arrestaasje. Sa skopte er in plysje. De man is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)