Lestich foar oerheden om yn te gripen by REC

26 jan 2016 - 21:23
  • De ôffaloven yn Harns

De provinsje en de gemeente Harns kinne ôffalferwurker Omrin min oanpakke fanwege de grutte dioksine-lekkaazje by de REC yn oktober. Dat die tiisdei bliken by de presintaasje fan in ûndersyk nei oarsaak en gefolgen fan de steuring troch deputearre Michiel Schrier en wethâlder Harry Boon fan Harns.

De dioksine-útstjit wie by it ynsidint mear as oars yn in hiel jier. Mar dat wie neffens de GGD net gefaarlik foar de folkssûnens. Neffens deputearre Michiel Schrier is it dreech om Omrin in straf op te lizzen.

Yn it gefal fan in steuring jilde de gewoane útstjitnoarmen net, sa sei de deputearre. Wethâlder Harry Boon fan Harns sjocht noch wol wat mooglikheden foar hânhavening. Mar echt in soad binne dat der neffens him net. Op 2 febrewaris sil it kolleezje fan deputearre steaten beprate oft Omrin dochs noch in straf oplein wurde kin. Ynwenners fan Harns kinne woansdeitemiddei yn Trebol mear ynformaasje krije oer de problemen mei it tefolle oan dioksine-útstjit fan ôfrûne oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)