Lesterhuis opnij nei it Amelân

24 jan 2006 - 22:46

Ald-boargemaster Lesterhuis fan Eaststellingwerf wurdt foar de twadde kear boargemaster fan It Amelân. It giet diskear om in tydlike beneaming as opfolger fan boargemaster Verhoeven, dy't nei Heeze-Leende giet.

Kommissaris Nijpels hat besletten om in waarnimmend boargemaster te beneamen yn ferbân mei de gemeenteriedsferkiezings op 7 maart. De definitive beneaming fan It Amelân is nei alle gedachten net earder as takom simmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)