'Lesten finzenen foarsjitte'

13 nov 2012 - 19:51
  • De Penitentiaire Inrichting Leeuwarden

De gemeente Ljouwert wol trochgean mei it finansjeel stypjen fan ynwenners dy't foar koarte tiid in finzenisstraf útsitte moatte. De gemeente is no noch wend om de fêste lesten foar detinearden tydlik te beteljen, mar it Ryk wol dat de gemeente dêr mei yngong fan jannewaris mei ophâldt.

Neffens wethâlder Ekhart giet it om in ûnferstannige besuniging. Tydlik de fêste lesten oernimme kostet minder as in nij hûs regelje en ynrjochtsje, seit wethâlder Ekhart. Ljouwert sil dêrom by it kabinet tsjin de maatregel protestearje.

Ekhart wol ek oare grutte stêden en gemeenten mei in finzenis by dit protest belûke. Ekhart is benaud dat eks-finzenen earder wer de fout yngean sille as se nei it útsitten fan har straf gjin plak hawwe om te wenjen. Hy wol him dan ek ynspanne om de help oan detinearden oerein te hâlden. De gemeente Ljouwert jout no sa'n 50.000 euro yn it jier út oan de wenlesten fan ynwenners dy't in straf útsitte. Hjirmei ophâlde sil de mienskip nei alle gedachten folle mear jild kostje, sa tinkt de wethâlder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)