Lêste wykein foar de Wadloper

06 jul 2007 - 18:42

De Wadloper rydt dit wykein foar it lêst troch it Noarden. De trein wurdt fan moandei ôf ferfongen troch de Spurt. De Wadloper waard mear as 25 jier brûkt. De trein wurdt noch net hielendal ôfskreaun. Mooglik dat de NS de Wadloper noch tydlik ynset op oare trajekten yn it lân. Tusken Ljouwert en Grins rydt op dit stuit ek noch de Buffel. Dy wurdt yn septimber ferfongen troch de Spurt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)