Lêste wedstriid FVC op Hemrik

26 apr 2009 - 16:58

FVC hat snein yn stil ôfskie nommen fan sportkompleks De Hemrik. De Ljouwerters wûnen mei 3-1 fan Vaassen. FVC hat sûnt 1981 op 'e Hemrik spile. Sy ferhúzje no nei it nije sportpark Wiarda by Goutum, dat se diele mei sneonsfuotbalclub Blau Wyt '34.

FVC hopet mei dizze ferhuzing mear jeugdleden te krijen. Op de Hemrik wie de groei der út. FVC bestiet 90 jier en sil dat yn maaie betinke mei in grut ferskaat oan festiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)