Lêste tocht foar Spathoek

30 sep 2014 - 12:26

Fearboat Spathoek makket tiisdeitemiddei syn lêste oertocht foar rederij Doeksen. It skip waard fan 't maitiid eigendom fan Doeksen, doe't dy de Eigen Veerdienst Terschelling (EVT) oernaam. De Spathoek fart sûnt 2011 tusken Skylge en Harns. De oerfarder kin passazjiers en auto's meinimme.

De lêste reis fan de Spathoek foar Doeksen begjint tiisdei om kertier oer twaen op Skylge. Doeksen wol fierders gjin omtinken jaan oan de lêste tocht. It is net dúdlik hoe't it mei it skip komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)