Lêste tariedings hynstekeuring

09 jan 2014 - 06:47
  • Norbert 444 en Tsjalle 454

It Koninklijk Friesch Paardenstamboek makket him op foar de jierlikse hynstekeuring, dy't tongersdei fan start giet yn it WTC yn Ljouwert. Der komme minsken fan oer de hiele wrâld. It stamboek fiert boppedat it 135-jierrich jubileum.

De hiele wike wurdt der al hurd wurke oan de tariedings. Om tsien oere binne de earste keurings. Tongersdei en freed is der ek noch in útfiering fan it muzykteaterspektakel Faderpaard en de bekende skriuwer Dan Brown en prinsesse Beatrix komme op besite. De hynstekeuring duorret oant en mei sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)