Lêste tariedings foar de útstalling 'Goud' yn Fries Museum

01 jun 2015 - 12:49

Der wurdt hurd wurke oan 'Goud', de nije tentoanstelling yn it Fries Museum. Dêryn wurde goudstikken tentoansteld dy't yn Fryslân fûn binne.

It goud jout oan dat Fryslân ryk wie yn 'e perioade fan it Romeinske Ryk oant it jier 1000. De stikken binne benammen fûn yn âlde terpen, faak mei help fan metaaldetektoaren. Topstik is de mantelspjelde fan Winaam út de sânde ieu, mei Yndyske bewurkingen. De tentoanstelling wurdt sneon 6 juny iepene.

Op 21 juny stjoert Omrop Fryslân in dokumintêre út oer de Fryske grûnfynsten en goudsikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)