Lêste Sutelaksje rint goed

21 sep 2009 - 10:32
  • It boek Bolman & Bolman wurdt op in bysûndere wize promoate...

De Sutelaksje fan it Fryske Boek ferrint neffens de organisaasje goed. De ferkeap fan de Fryske boeken hat oant no ta hast 60.000 euro opsmiten. De Boek fan de Wike-boeken dogge it allegearre goed, benammen Bollman en Bollman fan Marga Claus. Mar ek de omnibus De fjildferhalen fan Rink van der Velde rint poerbêst.

By de berneboeken ferkeapet de werútjefte fan Tutte mei de linten goed, mar ek alle Tomke-titels binne populêr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)