Lêste stipe provinsje foar Fryzo

25 apr 2004 - 00:00

De provinsje Fryslân hat besletten om de website www.fryzo.nl foar it lêst te stypjen mei 21.000 euro. Fryzo is in inisjatyf fan 17 organisaasjes foar sûnenssoarch, wolwêzen en wenjen en wol útgroeie ta dé ynternetpoarte foar Fryslân op dizze mêden. Op Fryzo is alle ynformaasje oer fakatueres, foarsjennings, helpferlieners, syktes en wachttiden sammele.

De provinsje wol dat Fryzo fan 2006 ôf finansjeel ûnôfhinklik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)