Lêste stimwykein foar Fries Museum

11 apr 2015 - 14:14
  • It Fries Museum yn Ljouwert

Noch oant sneintejûn tolve oere kin stimd wurde foar de museumpriis fan de BankGiro lotterij. It Fries Museum is op sosjale media dwaande mei in lêste offinsyf om safolle mooglik stimmen binnen te heljen. Konkurrinten fan it Ljouwerter museum binne it Amsterdam Museum en it Zeeuws Museum.

Op 16 april wurdt bekend makke hokker museum de measte publyksstimmen krige hat en it bedrach fan 100.000 euro wint. Under de stimmers wurdt in fiifdaachse reis nei New York ferlotte. Yn 2012 wie it Natuurmuseum Fryslân de winner fan dizze Museumpriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)