Lêste sprongen NFM-fjoerwurk

27 jul 2013 - 22:37
  • Hilianne van der Wal

Jaco de Groot, Age Hulder, Hilianne van der Wal en Bobby Zwaagman binne de winners fan de 25e edysje fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje op It Heidenskip. Opfallend wie dat se dat allegearre diene yn de lêste sprong doe't it al aardich skimerich wie. Jaco de Groot ljepte in NFM-rekôr: 21.15. Bart Helmholt waard mei 20.46 twadde. Age Hulder ferbettere syn eigen Frysk junioarerekôr. Dat stie op 19.97, it kaam op 20.05. Ek in NFM-rekôr. Hilianne van der Wal wûn by de froulju mei 14.93 en Bobby Zwaagman by de jonges mei in pr fan 18.46.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)