Lêste rit Westra Vacansoleil

20 okt 2013 - 17:28
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra fan De Tynje hat syn lêste wedstriid yn tsjinst fan Vacansoleil-DCM snein ôfsletten mei in 13e plak yn de Chrone des Nations. Yn it Frânske Les Herbiers waard de tiidrit oer 57 kilometer in proai foar de trijefâldich wrâldkampioen Tony Martin, ek winner fan de lêste twa edysjes.

Westra ried fiif jier yn de kleuren fan Vacansoleil. Syn hichtepunten wiene de ritwinst en it twadde plak yn Parys-Nice yn 2012 en de beide nasjonale titels by it tiidriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)