Lêste presintaasje foar KH2018

05 sep 2013 - 15:28
  • De keamer dêr't de lêste presintaasje jûn wurdt.

De organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 jout tongersdeitemiddei de alderlêste presintaasje yn Amsterdam. Se krije noch ien kear de gelegenheid om de sjuery te oertsjûgjen dat Ljouwert yn 2018 de beste kandidaat foar de titel is. Ek Maastricht en Eindhoven krije sa'n lêste kâns. Dêrnei lûkt de sjuery him werom foar beried.

Freedtemiddei makket de sjuery dan úteinlik bekend hokker stêd him yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa neame mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)