Lêste pasjinten Bonnehos ferhuze

23 jul 2004 - 10:24

Tongersdei waarden de lêste pasjinten fan MCL-Noard nei MCL-Súd oerbrocht. De 36 minsken binne mei ambulânses, taksys en taksybuskes oerbrocht. Der waard sels in ferhúsauto ynset foar it ferfier fan de acht kûveuzebern.

It ferfier fynt allegear plak ûnder begelieding fan plysjemotors. De parse wie manmachtich oanwêzich om ferslach te dwaan fan de ferhuzing. It Bonifatiushospitaal is no definityf ferline tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)