Lêste optreden Jitiizer

23 jan 2011 - 10:43
  • Jitiizer by harren alderlêste optreden yn Sint Nyk (foto: Brend Drent)

De Fryske band Jitiizer hat sneontejûn syn lêste optreden jûn. Dat waard dien yn in fol sealesintrum yn Sint Nyk. Dat is it plak dêr't de band yn 1991 oprjochte waard. It lêste konsert waard yn 2009 al oankundige. De band woe op it hichtepunt ophâlde.

Jitiizer makke ferskate cd's, lykas Alles út 'e kast en De Nije Friezen. De band fersoarge optredens yn binnen- en bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)