Lêste optreden De Kast

05 jul 2004 - 13:41

De Kast hat snein mei in lêste konsert yn de teatertún yn Riis ôfskie naam fan de fans. Gitarist Peter van der Ploeg koe it net mear opbringe en liet ferstek gean. Lykas de oare bandleden woene waard it lykwols net in treurmis mar in feestje.

Foar sawat seishûndert trouwe fans spile de band in ferskaat oan nûmers fan de ôfrûne jierren. Nei ôfrin wie der rom tiid foar de fans om noch ien kear mei har idoalen te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)