Lêste oerlis oer ympasse Cambuur

21 mrt 2006 - 00:00

B&W fan Ljouwert sil woansdeitemoarn it hûswurk oangeande Cambuur oermeitsje. Dit nei oanlieding fan de fûle reaksjes op it tiisdei presintearre plan.

De Groep Riedstra mei de grûn ûnder it Cambuur-stadion keapje foar 500.000 euro. Mar as der yn de takomst winst makke wurdt op dy grûn, wol de gemeente dy ha. Dat wol de Groep Riedstra net. Sy wolle dat jild brûke foar Cambuur. Se driigje de rêdingaksje fan de klub no te staken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)