Lêste lobby tsjin wynmûnen yn Iselmar

23 jun 2015 - 22:34
  • Wynturbinepark op see

De provinsje Fryslân wol noch ien lêste kear besykje om minster Kamp en de Twadde Keamer der fan te oersjûgjen dat it nije wynmûnepark net yn de Iselmar komme moat, mar by de Ofslútdyk. Yn de kommende wike nimt de Keamer dêr in beslút oer.

De provinsje wol mei VNO-NCW en de gemeente Súdwest Fryslân nei Den Haach om de lanlike polityk te oertsjûgjen dat der gjin draachflak is foar de plannen op de Iselmar. Neffens deputearre De Rouwe is de kâns grut dat de Keamer oars mei giet yn de plannen fan minister Kamp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)