Lêste konsert op Hinsz-oargel yn Martinitsjerke Boalsert

25 aug 2015 - 08:24
  • It Hinsz-oargel yn de Martinitsjerke is neffens de oargelist 'hiel wurch'

Yn de Martinitsjerke fan Boalsert wurdt tiisdei foar it lêst in konsert jûn op it Albertus Antoni Hinsz-orgel. It ferneamde oargel dat boud is yn 1781 wurdt woansdei útinoar helle foar in yngreven restauraasje. Fyftich jier lien hat it Hinsz-oargel foar it lêst in grutte opknapbeurt krigen. Ek no is der wer oanlieding foar, want de oargelkast hat krimpskea en de 3186 oargelpipen moatte stimd wurde.

It restauraasjewurk duorret ien jier en kostet 500.000 euro. Flentrop Orgelbouw út Zaandam sil it tsjerke-oargel opknappe.

De restauraasje wurdt foar it grutste part subsidearre troch de provinsje Fryslân en ferskate fûnsen. Der is noch wol in tekoart fan 50.000 euro. Dat jild wurdt ûnder it restauraasjejier wol ophelle mei ferskate aksjes, ferwachtet earste oargelist Kees Nottrot. Foar tsjerketsjinsten, konserten en oare aktiviteiten wurdt it kommende jier in reserve-oargel brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)