Lêste kear Normaal op Feanhoop

05 mrt 2014 - 14:24
  • Bennie Jolink wol it rêstiger oan dwaan

De kâns bestiet dat rockband Normaal dit jier foar it lêst in konsert jout op it Feanhoopfestival. Normaal-sjonger Bennie Jolink hat bekend makke dat de band fan 2015 ôf gjin grutte fjildkonserten mear jout.

Jolink wol it rêstiger oan dwaan fanwege syn astma. It is net dat Normaal hielendal gjin optredens mear docht. Ien en oar sil ôfhingje fan Jolink syn sûnens. Normaal treedt al mear as tritich jier op it Feanhoopfestival op. Ek foar dizze simmer stiet de band boekt. It konsert is dan foar it earst op freedtejûn yn plak fan sneontejûn.

It is foarearst ôfwachtsjen hoe't it yn 2015 komt, seit bestjoerslid Bert Pratley.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)