Lêste keallen wurde romme

08 sep 2014 - 19:35
  • Alle keallen yn Stynsgea en Bant moatte romme wurde

De NVWA is noch altyd dwaande mei it romjen fan de keallen fan boer Naalden. Ein foarige wike binne de keallen yn Stynsgea as earste romme. Sneon en moandei binne de bisten op it bedriuw yn Bant fuorthelle en tiisdei moatte de lêste keallen dy't yn Oerisel op stâl stean fuort. De 4000 keallen moatte romme wurde omdat se foer mei in ferbean, kankerferwekkend middel fretten hawwe. Hoe't it no fierder moat mei it bedriuw fan Naalden is noch net dúdlik.

De skea foar it bedriuw is sa'n 3 miljoen euro. In bedriuw yn Lopik dat it foer levere hat, wurdt troch justysje ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)