Lêste kaarten finale te keap

04 maaie 2009 - 12:14
  • De lêste kaarten binne foar de klupkaarthâlders

Klupkaarthâlders fan Hearrenfean kinne fan moandeitemiddei ôf kaarten keapje foar de bekerfinale tsjin Twente op 17 maaie. Ferline wike begûn de ferkeap foar seizoenkaarthâlders. De oerbleaune kaarten kinne no kocht wurde op fertoan fan in klupkaart.

Foar elke klupkaarthâlder is ien kaart beskikber. By de kaart sit ferfier mei trein of bus yn. Foar de wedstriid wiene mei-inoar 14.000 kaarten beskikber. De kaarten foar fans fan Twente binne allegearre al fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)