Lêste jier VMBO as praktykjier

29 apr 2004 - 00:00

Trije VMBO-skoallen yn Fryslân biede nei de simmerfakânsje de mooglikheid om it lêste jier hielendal as praktykjier te dwaan. De skoallen hoopje dêrmei de motivaasje en prestaasjes fan de learlingen te ferbetterjen.

It giet om it Marne Kolleezje yn Boalsert, it Bogerman yn Snits en kristlike skoallemienskip Gaasterlân yn Balk. It praktykjier is foarearst in proef. It VMBO kampt op 't heden mei in negatyf imago.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)