Lêste jier foar bobber Jansma

21 apr 2013 - 15:30
  • Sybren Jansma

De kâns is grut dat bobslider Sybren Jansma fan De Pein der nei dit seizoen mei ophâldt. Hy wol noch ien kear skitterje op de Olympyske Spelen en fynt it dan moai west. Dit wykein is foar de bobsliders de ôftraap foar harren rûte nei Sotsji, dêr't de Olympske Spelen takom jier binne.

Der is in trainingskamp op Skiermûntseach belein om in basis te lizzen foar de rest fan it seizoen. It grutte doel is in medalje op de Spelen yn Sotsji.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)