'Lêste hûs' fljocht kroades út

12 okt 2004 - 11:58

De nijste roman fan Durk van der Ploeg, 'Sykjend nei it lêste hûs', ferkeapet sa goed by de Sutelaksje dat de earste druk útferkocht is. De útjouwer is no dwaande mei in twadde printinge.

De jierlikse hûs-oan-hûs boekferkeap mei kroades is de lêste wike yngien. Oant no ta is foar 185.000 euro ferkocht. Njonken Durk van der Ploeg dogge ek 'De tiid fan Jentsje' fan Riek Landman en printeboeken it goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)