Lêste hoop foar famylje Düzgün

30 nov 2000 - 18:08

De Koerdyske famylje Düzgün hat noch in lêste kâns om yn Nederlân te bliuwen. Freed tsjinnet yn Zwolle in koart pleit tsjin it COA. De famylje kriget gjin ferbliuwsfergunning om't se earder asyl oanfrege hat yn Dútslân.

De dakleaze famylje oernachte in pear moanne ferlyn yn de stasjontunnel op It Hearrenfean. Dûmny Corry Nicolay helpt harren sûnt sy tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)