Lêste hoop foar Düzgüns ferflein

07 des 2000 - 12:46

De Koerdyske famylje Düzgün moat dochs echt it lân út. Dat hat de rjochtbank yn Swolle bepaald. It wie de lêste mooglikheid foar de famylje om noch yn ús lân bliuwe te meien.

De rjochter wie net ûnder de yndruk fan nije feiten, lykas in arrestaasjebefel fan de heit. Neffens de rjochtbank hie de famylje dy stikken fuort de earste kear oerlizze moatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)